thús | biografy | muzyk yn perspektyf | tekst en muzyk | foto's | kontakt
Nei: List fan optredens

Dicky Jonker – drums (1979 – 1982)

Wilt van der Kooi – drums (1981 – )

Kees Wedman – bas en sang

Reinder Kerkhof – gitaar en sang

Feike van der Leij – gitaar en sang, letter ek synthesizer / oargel.

SKUOR spile Frysktalige rockmuzyk. Earst mei syn fjouweren, doe in skofke mei fiif man (twa drummers, lekker stevich!) en letter wer mei fjouwer man, dy’t fanôf 1985 ek wol ûnder oare nammen optreden (Jopie Douma Ferkeapet Jurkjes Band; Honeymoon Thrillers) wêrfan (mei in knypeach nei dominee Schaaf) de namme “Ype and The Schavers” it measte furoare makke hat.

SKUOR ûntstie yn de simmer fan 1979 nei’t Kees, Reinder, Dicky en Feike elkoar troffen yn de Treemter yn Grou. Reinder hie al langer mei in elektryske gitaar ompield. Feike spile basgitaar yn in skoalband en hie dy simmer mei Freddy Kofman op fekânsje west. Freddy wie krekt begûn mei saksofoan en hat yn dy earste winter 1979/1980 wol ris meispile. De fierdere ûnderfining mei it spyljen yn in band beheinde him ta Feike syn erfarings mei de formaasje “de Trees” (sjoch foto mei Gerrie Herrema en Piter Engelsma) mar dat wie al in aardich skofke lyn (hy sil in jier as tsien west hawwe). SKUOR is dus as reedlik ûnerfaren groepke begûn mei akûstyske gitaren en fersterking op âld radio’s. De basgitaar fan my wie in mei skaailear beklaaide spaanplaten “Egmond” wêrfan de snaren twa kear sa djûr west hiene as de gitaar sels (dy wie foar 25 gûne fan Sipke Schuurmans kocht). Dicky syn earste trommels liende hy fan Brassband Apollo, letter hat Reinder foar in habbekrats in drumstel op ‘e kop tikke, wêrfan de snare-drum noch lange tiid tsjinst dien hat doe’t Wilt derby kaam as twadde drummer. Ynearsten waard der oefene by Kees (dêr leine ek de trommels op souder) yn de hûskeamer en ek wol by Reinder op de sliepkeamer. Dat lêste fûn Reinder syn buorman net sa’n súkses sa as er de oare deis meimeitsje mocht: de man wûn him ter plekke noch efkes foar de show op, wêr’t Neeltsje (Reinder syn mem) en Feike by stienen, no dan bin jo by Reinder oan it ferkearde adres, dat hy hat him achter it hokje noch efkes goed neisjoen. Neeltsje en Feike bin doe mar efkes nei binnen gong.
Al ridlik gau waard it oefenplak it keamerke by Feike-en-dy achter oan de Marswei 4. Dêr hat SKUOR jierrenlang elke sneintemiddeis spile, ek lang nei dat Kees en Feike yn Grins wennen en Reinder en Wilt yn Ljouwert. Tetsje (Feike syn mem) fûn it altiten wol gesellich en hie om tétiid de té klear en om kofjetiid de kofje. Hja mocht ek wol graach oer rock ’n roll muzyk mar dêr koene wy har yn it begjin net echt oertsjoegend mei helpe. Us benadering wie mear eksperiminteel en de mooglikheden wat dat betreft wie beheind ta wat wy technysk noch krekt behappe koene. Letter, doe’t SKUOR al Ype & the Schavers wurden wie, mocht se it eins folle better lije, al hie se it altiten graach wat fleuriger hawn. Fleurich wie ús muzyk soms noch wol, seker doe’t de ska-ynfloeden trochklonken, mar de teksten wienen eins ien en al tsjusterens. Dat hie mei de tiidsgeast te meitsjen: it wie allegearre “no future” en fan dy generaasje wie SKUOR in eksponint.

Belangrykste is miskien wol dat it sa hearlik ûngedwongen wie en tige eksperiminteel. Dat ûngedwongene koe de groep spitich genôch net altyd fêsthâlde as der optreden of soms allinnich al opnommen wurde moast. Hear mar ris nei de dissipline en strakheid wêrmei Kees en Feike soms de nûmers songen, der koe gjin grapke ôf! SKUOR hie fierders noch in opfallend ôfwikende opfetting oer hoe’t jo it lûd regelje moasten: by elk nûmer hiene wy opskriuwn hoe’t de knopkes op de gitaren en op de fersterkers stean moasten om it bêste te klinken. By de earste optredens stiene wy dus tiden lang te toanregeljen foardat it folgjende nûmer ynsette. Dat wie fansels gebrek oan erfaring en is wol oergien, en al ridlik gau hienen wy in Ramones-discipline (ien twa trije fjouwer!) en plakten wy nûmers oan elkoar. Live wie it tempo faak fiersten te heech foar wat wy technysk bypoatsje koene.
Ien ding hie it oefenjen yn sa’n lyts keamerke foar: jo moasten bliksems goed oppasse net te lûd te spyljen. It wie eins altyd in gefjocht tusken Reinder en Feike as dy gitaarspilen wa’t de boppetoan fierde, mar der waard dochs in hantearbarre boppegrins yn fûn (al sil Kees dat faaks net ûnderskriuwe). As der dan optreden waard yn in grutte seal dan wie dêr PA by nedich. De lju dy’t de PA betsjinnen wienen altyd hiel entoesjast oer it feit dat wy op it poadium sa sacht spilen, dat wie foar harren folle makliker ôfregeljen. It eksperimentele hawwe wy altiten holden. Ek yn de lêste fase fan SKUOR hawwe wy noch in soad nije nûmers hawn werby’t de synthesizer yntensyf en net al te alledeisks brûkt waard. Dy nûmers is ien optreden mei fersoarge (yn it foarprogramma mei John Martyn yn sealen Skaaf) en lokkichernôch binne se (yn de Hjerre Gjerrits Skoalle) opnommen, oars hiene se yn’e fergetelheit rekke. Oefenjen barde dus it grutste part yn in keamerke by Feike thús, ek noch efkes yn “it hokje” mar dat wie muoilik te isolearjen, en der is noch efkes by boer Snoek op de pleats oefene yn de keallestâl. Dat wie yn 1981 doe’t Feike staazje rûn yn Lelystad by it CDI dêr’t ek vaccins tsjin MKZ makke waard. Feike kneep ‘m wolris as der dy sneins ynienen jongfee op de pleats omrûn, want dan mocht er de earste 48 oeren dêrnei net op it CDI komme (no begûn dy staazje altyd tiisdeis dus dat rêde er krekt).

Op dizze siden stiet in lytse kolleksje nûmers fan SKUOR en foar de leafhabber is der oan mear te kommen (efkes kontakt opnimme). Dêr binne ek inkele live regystraasjes by. Wat spitigernôch noait live registreard is binne de optredens mei de achtergrûn-sjongeressen Marjan en Elly. Dy hiene dêr wol aardichheit oan en wy hawwe ien of twa kear mei harren optreden, allinne doe’t wy fêstholden oan de oankundigingen SKUOR en de SKUORKES hienen sy gau harren nocht derôf. SKUOR wie súnich op harren teksten, dat fan sommige teksten waard soms meardere kearen gebrûk makke op folslein ferskillende muzyk. Fandêr dat der fan sommige nûmers meardere útfierings besteane. En dan bin der ek noch nûmers dy’t we wol spile hawwe mar noait opnommen. Dat bin der net sa’n soad mar te tinken falt oan “Lyleila fan Havinga”, en ek “De geologische gesteldheid van de bodem in Noord-Oost Friesland oftewol Knipklaai” wêrfan in inkeling allinnich de titel noch wyt, en dat is al hiel wat. Al mei al hat SKUOR sa’n sechstich nûmers makke.

SKUOR is nei it boppeneamde optreden yn Sealen Skaaf opholden mei it spyljen yn it Frysk. Op in stuit hie de groep eins wol wat har nocht fan de kommentaren dat it net te ferstean wie, de sang te sacht en sa. SKUOR woe de sang no ien kear net lûder hawwe want dat wie sûnde fan al dy muoilike gitaarpartijen. Nei SKUOR is der trije kear mei in hiele soad freonen ûnder de namme “Jopie Douma Ferkeapet Jurkjes Band” optreden yn Grou (in kear yn de Boei en in kear op it Halbertsma’s plein) en Warten (yn de kroech). Fan it optreden yn de Boei is in moaie fideo opname dy’t noch wol ris op DVD ferskine sil. Skuor sels binne gjin bewegende bylden fan, alteast net fan de perioade 1979-1985. Wat noch wol it neamen wurch is binne de eksperiminten mei opnamen fan bûtenboard moters dy’t mei help fan in stimapparaat “in tune” op de bân setten binne. It is nea slagge dizze opnamen mei súkses yn in nûmer te ferwurkjen mar it jout oan dat ús gedachten in bytsje foarút rûnen op wat letter mei “sampling” wol mooglik wurden is. Fan in oare oarder is de ûntwikkeling fan in “simpelsizer”, dat wol sizze mei in stofsûger blaze troch de melodika. De lûdsdimping fan de stofsûger tochten wy oplosse te kinnen troch it ding yn in doaze mei tekkens te stopjen, mar dêr kaam hast brân fan, dat dy “simpelsizer” hat it net oprêden.